De Moanne op internet

Nanne Kalma:
‘Ik rin it strân oer
en helje de meldij op’

Foar Nanne Kalma syn útboude wâldpykwent yn Burgum stiet hjerstich strewel te pronkjen yn it moarnsljocht. Knalread. Ankie van der Meer, dy’t foar in repetysjesesje by Kalma op besite is, strûst nei buten ta en wiist my der op. Oer ljocht en kleur yn de muzyk sille we it hawwe. Oer hoe’t it sjongen jin folslein folje kin. En oer it samar út ‘e loft ploaitsjen fan in meldij op it brede Noardseestrân.

As duo en mei harren ferskate groepen, earst mei Irolt yn de santiger en tachtiger jierren, en no mei Kajto en Kat yn 't Seil, binne Kalma (52) en Van der Meer (43) dé gesichten warden fan de folk yn Fryslán. Mei harren optredens binnen en buten Nederlân, oan dizze en oare kant de oseaan binne se tagelyk ambassadeurs fan it Frysk, al sjonge se ek repertoire yn it Nederlânsk en Esperanto. Yn febrewaris giet it foar de fjirde kear op Amearika oan, as yn Chicago in folkfestival holden wurdt dêr’t se foar útnoege binne.
"It soongen is foar my ien grutte gefoelsutering", sil Van der Meer even letter sizze. "Ik sjong altyd en oeral."
It moat mar ris plan-út sein wurde. Nanne Kalma hat as songwriter yn de Frysk- en Nederlânsktalige folk syn gelikense net. Earst komt dizze gitaarleraer (oan de muzykskoalle yn Drachten), en dan in hiel skoft net ien. Van der Meer har, njonken in ekspressive presintaasje, in pronk fan in linige, fibratoleaze alt mei genóch body, en akelich suver yn it heech. Dat makker har ta in ideale folkfertolkster, in sjongeres yn de tradysje fan har grutte foarbylden Sandy Denny en Maddy Prior.
Dat beide net by in breder publyk bekend binne, komt nei alle gedachten troch de beheinde populêrens fan it folksjenre. Minsken tinke al gau oan folkloare, in misfetting. “Dan komme je dus net sa gau op de ‘playlist’ fan Hilversum”, seit Kalma. Yn 1990 har er it nochris besocht mei ‘poppy’ muzyk, De Ongeluckige Voyagie Van 't Schip Batavia, mar de kommersjele Hilversumse kongsi fan omroppen, platebazen en diskjockeys fûn it projekt net nijsgjirrich. Letter har er der in muzykteaterstik fan makke foar it jierlikse shanty-festival yn Warkum.

IROLT
Yn in keamer fol mei muzykboeken, ynstrumintekoffers en cd's plof ik del op ‘e bank. Wat is dat eins foar muzyk, dêr’t wy it oer hawwe sille?
"Folk is yn de santiger jierren nei foaren kaam as in styl basearre op âlde folksmuzyk, mar nijmakke lieten hearre der ek by", seit Kalma. “Al is it noch mar de fraach oft dy ea ‘folksmuzyk’ warde sille, yn de sin dat eltsenien se út ‘e holle kin en meisjongt. ‘Blowin' in the wind’ fan Bob Dylan bygelyks is folk- en folksmuzyk tagelyk.”
De lêste jierren is it yn Fryslán wenst en neam alle Frysktalige muzyk folk, wat net kloppet. Mar út de histoarje wei besjoen is it wol nei te kommen. “Fryske folk wie yn de santiger jierren benammen basearre op de Britske-Amerikaanske folk, dêr’t ek in protte rock yn siet. Yn dy perioade kaam hast alle Frysktalige muzyk by in lyts groepke folkminsken wei.”
Mar as de Ljouwerter Krante ek Piter Wilkens ta dy muzykstreaming rekkenje wol, it is Kalma bêst. “It binne mar etiketten. Echte ‘folksmuzyk’, bewoartele yn Fryslán, is der net in protte.” Oan de sammelbondels Fryslân sjongt te sjen wiene it yn de njoggentjinde ieu meast ferskes mei in Dútske sfear dy't hjir yn oersetting songen waarden.
Lykas foar in protte jongeren begûn ir aventoer yn de muzyk foar Kalma mei de earste singeltsjes fan The Beatles. “Ik hearde ‘I wanna hold your hand’ yn 1964. Alles waard oars.” Hy naam gitaarles op syn fjirtjinde, spile in pear jier yn de rockband Pugh's Place en stapte doe yn de folkband Farmers Union, dêr't yn it Ingelsk songen waard. Mar nei it hearren fan de Flaamske band Rum, dy't song yn it Flaamsk, krige Kalma - fan oarsprong in Ljouwerter en fan hûs ut net Frysktalich - it idee om yn it Frysk te sjongen.
"Nederlânske folkgroepen dy’t yn it Ingelsk sjonge, it klinkt net fyn ik. Ik socht lieten yn it Frysk, mar koe se net fine. Doe haw ik se sels mar skreaun. Fan dichters as Jan Tulp, Sybe Krol en pytjon sikkema krige ik ek teksten."
It resultaat kaam yn 1975: Irolt, de band dy't de 'Fryske folk' op de muzikale kaart delsette. De kombinaasje fan it grutte komposysjetalint fan Kalma en de midsieusk oandwaande balladeteksten fan ferskate Fryske dichters bliek in skot yn de roas. Yn de lettere faze kaam Ankie van der Meer by de groep, as twadde stimme njonken sjongeres Inez Timmer. Van der Meer: “Ik hearde de Gûdrun-sêge fan Irolt foar it Earst doe't ik sechstsjin wie. Ik wie der wei fan. Myn muzikale roots leinen ek by groepen dy’t ynfloed hân hawwe op Irolt, lykas as Fairport Convention, mei Sandy Denny en Richard Thompson, en Steeleye Span."

IENFALDIGER MELDIJEN
Fyftjin jier nei de ein fan Irolt yn 1987 is de produksje fan Kalma noch hieltyd grut. Mar leafst fyftich, sechstich numers wie it ôfrûne jier de risping. By Kat yn 't Seil (mei Marita Kruijswijk en Marian Nesse) har de skipfeart foar in part it plak ynnommen fan de midsieuske tema's dy't tweintich, tritich jier lyn yn wienen. It materiaal dat it fjouwertal bringt rint útien fan rûge seemansmeisjongers oer it wurk op de sylskippen (shanty) oant yntime, sfearfolle balladen , bygelyks oer fammen dy't wachtsje op de thúskomst fan harren matroazen. "Mei op de meunsterrol: Nanne Kalma en Ankie van der Meer", sa hjit it sâltwetterprogramma dat se as duo bringe.
De rock-ynfloeden binne hast hielendal ut Kalma syn folkmuzyk ferdwûn, in ûntjouwing dy't, betink ik ynienen, in parallel har mei de ‘suvering’ sa't dy ek yn de klassike muzyk plakfûn har. Gjin drums en solo's op elektryske gitaren mear, allinnich noch de minsklike stimme en de akoestyk fan ferskate fluiten en ûnfersterke snaarynstruminten. Dêrmei stiet de muzyk fan no yn it klankbyld richter by de oarspronklike folksmuzyk. Werom nei de basis.
"It leafst meitsje ik ferskes", seit Kalma. "Ik wurkje net graach mear mei keunstgrepen. Yn 'e rin fan de tiid is myn wurdearring foar simpele numers groeid. Gelokkich kin ik no folle ienfâldigere meldijen skriuwe. Ik ha no folle mear ta myn foldwaan."
Bang om ûnbewitten muzyk fan oaren yn syn komposysjes te stellen, lykas er eartiids wie, is er net mear. "Op 'n stuit tocht ik: no, en? It komt ta my sa't it komt. Ut dy ûntspanning wei moat it wol sa wêze dat myn lieten no better binne as doe. Ik ha it betrouwen dat it net op kin, dat ik in foarried muzyk sûnder ophâlden haw. Op ynspiraasje hoech ik net te wachtsjen. Yn Petten yn Noard-Hollân haw ik ek in húske. Ik rin dêr it strân oer en helje dy meldij op." Dêrnei hoecht der allinnich noch in nûmer fan makke te wurden. "Dat komt gewoan oan op hurd wurkjen."
Ien fan de klassikers fan Kat yn 't Seil is sûnder mis ‘Oanspield’, fan de cd Liereliet ut 1991. "Nei ófrin fan ús optredens freegje minsken faak op hokker cd it stiet", seit Van der Meer. De heech-romantyske tekst is in gedicht fan Tsjits Peanstra. It geheim fan dy ferstille moeting fan twa "wêzens omtrint gelyk yn taal en tinken", oanspield op in seestrân by nacht en hege see, sit him noch it meast yn it sjongen fan Van der Meer. Har heldere lûd en de natuerlike nuânses yn har sjongen jouwe it liet in djipte dy't de wat al te idealistyske tekst op eigen krêft net bringe kin. Lykas Kalma is se altiten op ‘e siik nei Fryske gedichten dêr’t muzyk op skreaun wurde kin. Foar deselde cd leveren ek Jan Jacob Slauerhoff, Berber van der Geest en Meindert Bylsma teksten. "It binne almeast de teksten dy't de muzyk útlokje. Earst is der de tekst, dan komt de muzyk", seit Kalma.
Oan it literatuerûnderwiis op de Ryks HBS yn Ljouwert har hy lykwols gjin bjusterbaarlik bêste oantinkens oerholden. "Dêr hawwe se myn niget oan literatuer ferneatige. Yn ien kear stikken makke. ‘Wat bedoelt de dichter A.C.W Staring in regel 12?’ Oer sokke fragen gyng it. It sit my noch hieltyd dwers. Letter is it gelokkich wol bylutsen, fia Obe Postma fral." Spitich, seit er, dat in protte fersen foar him net brûkber binne. Ek yn it Fryske dichtsjen hat de metryske foarm it al lang lyn ferlern fan de frije fersfoarm. As dêr muzyk op skreaun wurde sil, wurde it al gau echte komposysjes, wylst hy ferskes meitsje wol.

ESPERANTO
Ankie van der Meer, dy't learares Frânsk en Ingelsk is oan it Friesland College yn Ljouwert, hat har muzikale talinten fan har âlden meikrigen, seit se. It sjongen hat se harsels oanleard, troch it in protte te dwaan. "It follet my folslein." Yn Kat yn 't Seil sjongt se yn it Frysk en Nederlânsk, yn Kajto (mei deselde bandleden as Kat yn 't Seil) allinnich Esperanto.
Bestiet dy taal dan noch? Dat haw ik tsjin de ferkearde sein. "It is in subkultuer, lykas it Frysk. Mei dit ferskil dat minsken oeral ut de wrâld de taal ferstean kinne. Esperanto, in keunsttaal, jout de kâns om op foet fan gelikensens mei-inoar om te gean, sûnder dat guon minsken har ferbrekke moatte om Ingelsk te praten. Want dat is foar harren miskien wol de taal fan de oerhearsker. Dy idealistyske achtergrûn sprekt my oan. Wy hawwe al trije kear nei in Esperanto Wrâldkongres west."
It Frysk, dy lytse lokale memmetaal, en it universele Esperanto, leit dat net te fier útinoar? Kinne je yn beide deselde djipgong berikke, deselde snaren reitsje? Ik soe op it earste gesicht sizze fan net. Van der Meer is it dêr net mei iens. "In grut emosjoneel ferskil tusken it sjongen yn de iene en de oare taal fiel ik net. It kontakt mei je gefoelens, dat is fan jesels en ûnôfhinklik fan taal. Fansels hat it Frysk as myn eigen taal grutte foardielen, mar it Esperanto hat ek wer mooglikheden dy'tst yn oare talen net hast. Boppedat kin it beskermjend wurkje tsjin de floed fan Ingelsk dy't oer ús hinne komt. Krekt it universele derfan sprekt my oan. Der bestiet gjin Esperantolân, je kinne der net yn berne wurde." Kalma is ek grepen. Kajto hat al fjouwer cd's útbrocht en is mei in fiifde dwaande.
Yntusken liket it as binne der gjin grinzen oan de kreativiteit fan it duo en de muzikanten om harren hinne. Njonken de folk, de shanty en it Esperanto is der ek noch it muzykteater. Earst wie der it Batavia-projekt, en letter kamen der foarstellingen lykas Stoom Afblazen in het Kraaiennest, De Lotgevallen van Sjouke Gabbes en De Reis naar de Wilde Kust. De basis is faak in histoarysk tema, dat Kalma ferwurket ta in lietesyklus dy't yn kostúms op it toaniel brocht wurdt. De foarstellingen geane faak yn premiêre op it Internationaal Shantyfestival Workum, yn de loads fan Scheepstimmerwerf De Hoop. It programma om Henry Hudson en De Halve Maen hinne is spesjaal makke foar it VOC-jier en útfierd yn Inkhuzen.
"Op de legere skoalle fûn ik skiednis it moaiste fak," seit Kalma, "mar it idee foar dy muzykteaterstikken krige ik troch The Kinks en harren grutte man Ray Davis, dy't yn 1969 kamen mei de rockopera Arthur. Fan The Kinks haw ik leard hoe moai it is om in syklus te skriuwen."

IT NEGATIVE ASPEKT
"Eins hiene wy in manager hawwe moatten", fynt Van der Meer. Bûten it repetearjen, it reizgjen, it optreden en net te ferjitten it ‘gewoane’ wurk, bliuwt der net in protte tiid oer en helje ek saaklik it ûnderste ut 'e kanne. Promoasje en kontakten mei de parse moatte der in bytsje by dien wurde. Sa kin it barre dat it Warkumer shanty-festival yn de Ljouwerter Krante ûnder it kopke `Koaren' oankundige wurdt.
Festival-organisaasje sitte se ek yn. Kalma is al jierren belutsen by Tsjoch, tsjintwurdich yn De Lawei yn Drachten. Yn it foarige nûmer fan dit blêd wie te lêzen dat Hylke Tromp him steurde oan it lege nivo fan de Fryske lietteksten op Tsjoch. Kalma tilt der net sa swier oan. "Ir falt wol wat ta. Soks stiet dan wiidweidich yn 'e krante, mar der stiet net yn dat der noch genôch betûfte tekstskriuwers binne. De LC hat allinnich it negative aspekt derút helle en no liket it as wurdt der neat goeds mear skreaun. Dat is fansels net sa. Hylke Tromp skriuwt sels ek lietteksten."
It byld is dat fan muzikale alleskinners, dy't op in folslein eigensinnige wize harren talinten yn ‘e rin fan ‘e jierren hieltyd fierder útspraat ha oer hieltyd mear sjenres. Ik sis dat ik it ferskil tusken de echte shanty lieten mei seemanskoar en it yntimere materiaal, dat mear ferbining hat mei de tradisjonele folk, op de cd's fan Kat yn 't Seil wol wat oan de grutte kant fyn.
"Ja, dat is miskien wol sa”, seit Van der Meer. "Mar dat wolle wy ek", heakket Kalma deroan ta. "Wy sykje dy grutte ferskillen yn ympulzen krekt op."

(CD's fan Nanne Kalma en Ankie van der Meer en harren groepen binne û.o. te besetten by www.marista.nl)

terug naar Nanne & Ankie

Deze pagina is bijgewerkt op