FRANEKER COURANT


Douwstra, Louwes, Veeman & Wilkens:
`It moat willewurk bliuwe'

Troubadours bundelen hun talenten

door Fokke Wester

FRANEKER - Zoals de operawereld zijn drie tenoren kent, zo heeft Friesland sinds vorig jaar zijn `fjouwer troebadoers'. Douwstra, Louwes, Veeman & Wilkens, het zou ook een advocatenkantoor kunnen zijn. Het kwartet had vorig jaar al veel succes. Dus komen er dit najaar nog eens zes concerten. Op maandag 28 juni verscheen hun eerste cd, Der Tuskenút.

De cd is er eigenlijk onbedoeld gekomen. Ze lieten vorig jaar voor eigen gebruik twee concerten opnemen, maar de reacties waren van dien aard, dat ze besloten er ook een cd van uit te brengen. Van de dertien gebruikte concertopnames waren vier speciaal voor de gelegenheid geschreven. In januari van dit jaar zijn in de studio nog eens vier nieuwe liedjes opgenomen, eveneens groepsproducten, zodat het repertoire op de cd nu half om half oud en nieuw is.

Bij de oudere nummers is wel steeds gekozen voor een verrassende aanpak. Zo zingt Wilkens Dizze Stoarm van Douwstra en neemt Douwstra op zijn beurt de zang op zich in Ezel Nûmer 1 van Louwes. Het eerste groepsconcert twee jaar geleden in De Skâns in Gorredijk, om een gat in de programmering op te vangen, kende al diezelfde opzet, legt Wilkens uit. „Wy hienen doe earst elk in eigen koarte set en nei it skoft spilen wy meiïnoar. En dat twadde part fûnen wy sels eins it aardichste om te dwaan." Als trio vonden ze het zelf wat te kaal, ook al omdat ze alledrie vooral gitaar spelen. Daarom werd vorig jaar Doede Veeman gevraagd mee te doen.
„Dit is sa wol in logysk klubke", vindt Wilkens. „Doede, spilet wat mear ynstruminten, lykas akkordeon en fluiten, en hy hat wat in oare achtergrûn. Syn ynbring jout dochs wat ekstra's. Moatst dy dochs ôffreegje wat de tafoege wearde is. Twa keer itselde dwaan hat gjin sin, dat is sûnde fan de mankrêft. Dus trije gitaren tagelyk brûke kin wol, mar dan wol mei trije ferskillende partijen. Wy sykje per nûmer út wat elkenien dwaan kin om it sa moai mooglik te meitsjen. Wy besykje ek safolle mooglik fjouwerstimmich te sjongen. Moatst gebrûk meitsje fan it ekstra, al is it soms gewoan moaier as ien wat allinich docht. Foarop stiet hieltyd de musyk. It lûd moat goed weze en it ljocht moat goed wêze, alles wat jo fierder dogge oan dekôr en omballings is oer en tefolle. Dat liedt mar ôf."

Dat ze troubadours worden genoemd daar hebben ze zich al lang bij neergelegd. „Yn goed Frysk soe it eins skald hjitte moatte. Mar ach, as it bistke mar in namme hat. Troebadoer is net in skelwurd', vindt Veeman. Singer/songwriter heet het genre in het Engels, maar dat bekt in het Fries ook niet merkt Louwes op. „Se neame ús ek wol folksjongers mar wat is folk. Wy sjonge ek rock&roll en blues. En wat wy mei ús fjouweren dogge is hiel breed. Dat is krekt sa aardich, dat wy mei ús beperkings der wat fan meitsje kinne."
Het samenspelen is een lust, vinden ze alle vier. „En in grutte stimulâns. Wurdst der sels ek better fan, fernim ik. Ik wie al oan it skriuwen foar myn eigen nije cd, mar siet wat op in dea spoar. No't wy mei ús fjouweren oan nije lietsjes wurkje, kom ik ek foar mysels wer ta skriuwen. Dat is ek in ambachtlik proses, jo moatte der soms gewoan foar sitten gean" vertelt Gurbe Douwstra. Jaap Louwes: „ De groep is in moaie stok achter de doar. De repetysjes binne hiel gesellig, hear. Wy begjinne moarns echt as fjouwer âlde wiven by mekoar mei kofje, mar der is wol dissipline. Wy kinne moaie lange dagen meitsje en dy binne hiel produktyf. As ik jûns thúskom, bin ik skjin oanein. Mar it binne nofllike wurkdagen, ik beskôgje dit echt as fitaminen."
Bij de nieuwe liedjes worden ze alle vier als schrijver en componist genoemd. En het zijn ook echte groepswerken, vertelt Veeman. „Ien komt mei in oansetsje en dat wurdt dan oanfuld troch de oaren. En dat oansetsje kin fan alles wêze, in kûplet, in refrein of sels allinnich mar in titel. De echte kenner soe der miskien noch wol út helje kinne fan wa't it idee is, al wurdt dat hieltyd minder werkenber. De ferskes wurde stadichoan mear in echt groepsprodukt. Elk hat fansels syn eigen styl, mar der binne wol grutte raakflakken. Oars soe it ek net sa klikke."
Wie in Friesland een muziekfestival organiseert en op zijn affiche Doede Veeman, Gurbe Douwstra, Piter Wilkens en Jaap Louwes kan zetten, hoeft over de publieke belangstelling niet in te zitten. Het kwartet zou dan ook zonder problemen meer optredens kunnen boeken. Maar de groep moet de solocarrières niet in de weg staan, vindt Wilkens. „Sa it no giet, ha wy alle tiid om ek foar ús sels nije dingen te betinken. Dit is foar ús willewurk, sawol de konserten as de cd, en dat fernimme se yn de seal ek wol. Sa lang as wy der nocht oan ha, kinne wy der dus mei trochgean. Fansels, it idee stuollet op ùs bekendheid, mar it leuke is krekt dat it wat oars is as oars. Wy ha mar in lyts wurkgebiet, ast dit te faak dochst, sjogge se dy op 't lêst ek oankommen. Krekt omdat it sa útsûnderlik is, is it leuk."

De vier hebben elkaar niets beloofd over een vervolg en willen zich ook niet vastleggen, al is wel te merken dat ze daar zelf wel zin in hebben. „As it trochgiet, soenen der mear nije nûmers yn moatte. Mar ach dat sjogge wy dan wol wer, it giet sa as it giet", zegt Louwes. Het is belangrijk dat de mannen met alle acht benen op de grond blijven staan, vindt Wilkens. „It mei ús net út 'e klauwen rinne. As wy aanst mei de cd út de kosten binne, is it my wol goed. Der hoecht gjin presenteksimplaar nei Omroep Bergen op Zoom, Stel dat se 't leuk fine, dan soenen wy der ek noch hinne moatte te spyljen. Skij dochs út!"

terug naar de Fjouwer Trûbadoers

Deze pagina is bijgewerkt op