De Moanne op internet

In boek fan Bleeker

Doede Bleeker, de sjongende fiskboer út Starum, hat in boek skreaun. `Op himself nyt se bijsonder hoar, ik skriif myn leven lang al ferhalen. Froeger op skoal al, ik had un map fol en ik wist nyt wat ik der met doën sú. Toen hew ik se mar in ut asfat goaid, mar dêr het oans mem se wear útfist.' Hy hat noait safolle ambysje hân om wat mei syn skriuwerij te dwaan, mar it is no dan dochs safier. It boek komt dit jier noch út.
Doede Bleeker skriuwt oer `bizarre belevenissen, rare ontmoetingen, en gevonden voorwerpen'. Dat binne anekdoates dy't er heard hat op strjitte, yn de fiskwinkel, of op sneontejûn yn de kroech. Hy skriuwt ek graach oer selsbetochte typkes, in biolooch of sa, dy't stúdzje makket fan bisten dy't hielendal net besteane.
Bleeker hat ûnderfining mei it skriuwen fan kollums, hy skreau eartiids foar Frysk en Frij. `En fearder gedichten, en songteksten natuerlek. Ik hew ok nòch un boek skreven, un roman sonder eind, un paroady op ut leven. Gerrit Breteler is de enige dy't ut lezen het, en dy het tòch se lacht!'
It wurdt dus in ferhalebondel. Bleeker is der noch net hielendal oer út oft er mei in útjouwer yn see giet, of dat er it boek yn eigen behear útjout. `Dan ken ik ut in de winkel ferkope. Ik skriif toch foaral foar myn klanten. Ut is daarom ok in ut Nederlands. Ik fyn trouwes tòch dat de Frise taal it Stadsfrys, ut Stellingwerfs en ut Bildts diskrimineart. Bij de Frise Boekeweek binne altyd troebadoers an it singen, en ik bin der nòch noait foar útnoadige.' Sels lest er wol graach Frysk, Rink van der Velde bygelyks. En fierder boeken oer fiskerij en oer muzyk.
Hoe giet it eins mei Doede syn muzykkarriêre? `Best, ik hew alwear genoech moaie fersys foar in nije CD.' It wurdt dan de fjirde, Doede syn eardere CD's binne Brulkikker, Ontspoard en Mengde gefoelens. `Boudewijn de Groot het mij nòch un briif skreven dat y mijn fersys se moai fon.'
It is net sa dat Doede Bleeker de kultuer no boppe de fisk stelt. `Ik fyn ut beide belangryk. De fiswinkel is sok leuk werk, ik tref daar allerhande meensen, en ik doë der inspiraasje op. As ut even rustich is, dan pak ik myn kladblok en skriif ik in un paar minuten un `gevonden voorwerp'.’

terug naar Doede Bleeker

Deze pagina is bijgewerkt op