De Moanne op internet

Bennie Huisman hat himnoait mei Fryslân identifisearre

Bennie Huisman nat in nije bondel útjûn en sit 21 jier yn it fak. Hmm, Bennie Huisman. Dy skynt him te bejaan yn ‘e wrâld fan de ‘chansons’ en skippersfersen. Ik net. Wa is dy man dy’t my it gefoel jout dat Fryslân grut is? Ik sykje him op yn syn hûs yn It Hearrenfean, dêr, t er sa’n 60 lier lyn ek berne is.

Do sitst ûnderwilens 25 jier yn it fak, hoe en wêr bist begun?
Op de dyk, yn plakken as Drachten, it Fean en Snits. Yn dy tiid moast as strjitmuzikant noch gemeentlike fergunningen oanfreegje. Dat die ik. Ik song covers, mar ek myn eigen muzyk, en ferskes yn it Grunnings, Frysk, Italiaansk en wat net mear. Dat wie it begjin fan myn bestean as sjonger yn dit sjenre. It momint dat ik fan berop ‘lietsjeman’ waard. Dat haw ik in jier of fiif dien, oant ik mei teaterfoarstellings begûn.

Fertel…
Fan 1987 oant 1995 haw ik fiif teaterfoarstellings makke en dêrmei op ‘en paad west. Ik die alles sels, hie om samar te sizzen in lyts bedriuw. Skriuwe, subsydzje-oanfragen dwaan, de finânsjes, de ferkeap, mar ek de technyk, it opbouwen, it riden, en dan fansels it spyljen. Op in foarstellingsdei gie ik om healwei alven de doar ut, boude dan faak mei ien it dekor en de technyk op, dan wiene wy om healwei seizen klear, ieten wat, sminke, dan de foarstelling spylje, ôfbrekke en dan wiest om in oere of twa wer thús. Dreech wurk, mar geweldich moai. By de premiêre fan Wibren Altena yn de boppeseal fan Makkum fleagen ûnder it optreden de stoppen derút. Lokkich hong der in soarte fan krystferljochting yn de seal. En ik wie tafallich krekt klear mei alle ferskes dy't ik op de elektryske piano dwaan soe, foar de rest hie ik de akkordeon nedich, dus ik tocht ik meitsje it sa mar ôf. Skreau Sietse de Vries de oare deis yn ‘e krante: de elektrisiteit foel ut, mar Huisman wie o sa beret, pakte syn akkordeon en spile gewoan troch. Wy wille, fansels.

Dat wie yn de tiid foar de Arbo, tink?
Ach ja, dy bestie doe hielendal noch net. It wie in yntinsive tiid, mar der wie genôch publyk. Ik koe jierliks wol tritich foarstellingen slite. Nei ‘Weemoed en Irony’ haw ik it in stik of wat jierren wat rêstiger oan dien, in stik of fjouwer cd’s makke. En doe, yn 2002, kaam der wer in teaterfoarstelling, De Loftfytser. Mar by dy lêste produksje fernaam ik dat dêr gjin publyk mear foar wie. Der wie in stik ynfrastruktuer ferdwûn. Fryske kriten om utens ferdwine of wurde minder aktyf. Yn Fryslân sels hiest earder de útkeaporganisaasjes yn de wat gruttere doarpen. Dy binne ien foar ien opdoekt. Minsken geane net mear nei de Schalmei yn Hurdegaryp, se ride leaver troch nei De Harmonie. Minsken geane mear op hypes ôf, earst wat sjen op tv en dan datselde yn de skouboarch. De parse is ek feroare. Earder hiest de sjoernalisten dy’t sels grutwurden wiene yn ‘e krochten fan ‘e Fryske kultuer, dy't dêr alles fan wisten. No komme se fan ‘e oplieding en binne folle mear rjochte op it Westen.

En no hast in nije bondel ut, mei CD. Hûs oan See. In moaie bondel. Yn in soad fan de fersen dêryn giet it om weromsjen, loslitten...
It twadde part net, dat binne reisfersen, mar it earste wol ja. Ik wurd faak nostalgysk neamd. Mar dat is in misyntepretearjen fan myn aardichheid oan histoarje. Ik identifisearje my folslein net mei it ferline, tink net dat it earder better wie of sa. Faak sit der yn myn lietsjes ek in iroanyske komponint. Yn it twadde diel fan dizze bondel giet it bygelyks oer myn langst nei it Suden. Foar in part is dat in kultivearre literêre langst. It tema komt yn de Europeeske literatuer sûnt 1800 in hiel soad foar en dêr bin ik bot troch beynfloede. Mar ik gean net fuort. Yn 'It liet fan de lêste reis' skriuw ik: ‘Dat, ik doch earst noch in slachje / Troch it âld -fertroude gea. / Wannear sil ik my weagje achter Wolvegea?’

En de Fryske literatuer?
Persoanlik haw ik my yn de Fryske kultuer altyd in bûtensteander field. Ik bin gjin keatser, kom net ut in doarpsfermidden. Ik bin it Frysk wol brûken gien as taal, mar kin it feitlik net iens myn memmetaal neame. Ik haw my noait identifisearre mei Fryslân, kom folle mear ut in klassike, Europeeske kultuer. Ik haw altyd oan it omsneupen west yn gruttere rûnten. Dat in persoan as Eeltsje Halbertsma my fassinearret komt net om't de moderne Fryske literatuer sa'n bytsje mei him begun is, mar om't it libben fan dy man, as dichter, my yntrigearret. Dat is it ferskil.

terug naar Bennie Huisman

Deze pagina is bijgewerkt op