Leeuwarder Courant op het web

In oantal fan de muzikanten hat in stevich ferline yn it coverbandsirkuit, mar as Smûk spylje se allinne eigen nûmers. Dat it oantal optredens dêrtroch beheind bliuwt ta in stik as acht yn ’t jier nimme se op ’e keap ta. Mei ‘Stoarje’ hat Smûk syn twadde cd makke. Stevige rock yn it Frysk.

Stevige rock yn it Frysk

SIETSE DE VRIES

Grytsje Bakker út Dokkum is ien fan de twa sjongeressen fan Smûk, dat se is deroan wend om op ’e foargrûn te stean. Mar ek op ’e eftergrûn spilet se in grutte rol yn ’e band. Sa skriuwt se hast alle teksten – alve fan de tolve op ‘Stoarje’ binne fan har hân – en fan de measte nûmers hat se ek de muzyk makke.

Dyselde Grytsje Bakker stie acht jier lyn oan ’e widze fan Smûk. Se hie yn in oantal gospelkoaren song en as lid fan Trio Westra hie se der geregeld mei feestmuzyk op út west. Mar se woe mear. Dat se frege ien fan ’e leden fan gospelkoar Real Joy fan Raerd, fan wa’t se wist dat er wolris lietsjes makke, oft er noch wat foar har lizzen hie. Dat hie er, mar dat wie wol in nûmer foar twa frouljusstimmen. Se frege har skoansuster Sippie Sijens – ek lid fan Real Joy – oft dy it mei har sjonge woe.

Der wie noch ien probleem: it ferske wie yn it Ingelsk. Grytsje Bakker: ,,Dat woe ik net, dat stiet te fier fan my ôf. Dêrom ha’k it oerset yn it Frysk.’’ Se hearde yn de jierren tachtich by de earste lichting dy’t op de havo eineksamen yn it Frysk die, dat Frysk skriuwe wie gjin probleem foar har.

Mar der wie noch in probleem dat oplost wurde moast: der wie gjin band. De syktocht nei muzikanten hat in lyts healjier duorre. Op 11 septimber 2001 wie it safier: de earste repetysje by Sippie yn Lichtaard yn ’e keuken. Dat dy datum legendarysk wurde soe om in oare reden as dy repetysje, wisten se al ûnder it kofjedrinken fan te foaren. Wat dy middeis yn New York bard wie, hat har der net fan wjerholden en helje nei de kofje de gitaren en de drums foar it ljocht. Dat ‘nine eleven’ wie de earste kear dat Smûk him hearre liet.

Grytsje Bakker: ,,Wy woene wat nijs, ik woe wat nijs. Gjin covers, allinne eigen nûmers en alles yn it Frysk. Mei covers tarst dochs wat op ’e rom fan in oar. Ast se net spilest witst dat it in stik dreger is om it publyk te boeien, mar dat wie no krekt de útdaging.’’

Al rillegau beheinde Grytsje har net mear ta oersetten, mar begûn se ek sels nûmers te skriuwen. It leafst oer ûnderwerpen dy’t skriuwster en harker yn it gefoel reitsje, ,,want muzyk is gefoel’’. Faakkombinearret se yn har teksten dingenút har eigen libben mei tema’s út films, boeken, de krante of wêr’t se mar tsjinoanrint.

Grutte foarbylden hat se net, al hat se in soad wurdearring foar de teksten dy’t John Newbank foar Marco Borsato skriuwt en mei se ek graach oer de sfear dy’t De Kast troch de kombinaasje fan tekst en muzyk opropt. Muzikaal hat se in brede smaak: Crowded House, Marco Borsato, metal en stevige rock.

Fan de band út 2001 is bûten de beide sjongeressen net ien mear oer. Te drok of net drok genôch of oare problemen om de band mei wurk en húshâlding te kombinearjen. Sa’t dat altyd giet by popbands fan hobbyisten, sis mar. Op it stuit bestiet Smûk út de gitaristen Siebe Balt en Wybren Jorritsma, bassist Theo Santema en slachwurker Tjeerd Hoekstra. Yn it deistich libben binne se soarchmanager, audisiën, it’er en wegebouwer. Genôch ferskaat dus om elkoar te ynspirearjen.

Se trede in kear as acht yn ’t jier op, meastal op festivals, gauris yn ’e iepenloft. Der twa kear wyks op út hoecht om de leden fan Smûk net, mar sa’n fyftjin optredens yn ’t jier, soe moai wêze. Grytsje Bakker: ,,As coverband hiene wy der alle wiken wol op út kind, mar dat dogge wy net. Ik fiel en ik tink yn it Frysk, dan wol ik dêr ek yn sjonge. Sa tink ik deroer, mar sa tinke de oare bandleden der ek oer.’’

Behalve op Omrop Fryslân binne nûmers fan ‘Stoarje’ ek al op in oantal regionale stjoerders yn it easten fan it lân en yn Dútslân draaid. Augustus takom jier spilet Smûk op in festival yn it Deense Arhus.

,,Op in spesjale chatroom foar muzikanten ûnderhâld ik kontakt mei alderhanne minsken. Sa is der op’t heden in muzikant yn Libanon dy’t it nûmer ‘Fannacht is de nacht’ fan my yn it Ingelsk sjongt. Mei in Sebastian Kaalund út Arhus wikselje ik sa no en dan ek nûmers út. Lêstendeis is er hjir spesjaal hinneriden om in optreden by te wenjen. Dat is goed befallen, hy hat ús daliks útnoege foar in festival yn Arhus.’

Alhoewol’t Smûk goed yn it gehoar lizzende rock spilet, ferwachtsje de leden net dat se mei de ferkeap fan ‘Stoarje’ de studiokosten daliks weromfertsjinje sille. Der moat jild by, dêr geane se fan út. Mar dat hawwe se der graach foar oer, neffens Siebe Balt. ,,In hobby kostet no ienkear jild.’’

terug naar Smûk

Deze pagina is bijgewerkt op