Leeuwarder Courant op het web

Aaipop: pretinsjes, kjeld en bier

Al sûnt 1987 fertoane makkers fan Frysktalige pop harren keunsten op Aaipop yn Nijlân. Oft it publyk no lústerje wol of net.

It moaie fan Aaipop is dat der in beskate fernijing ynboud is. De organisaasje lit leaver net deselde band twa jier achter inoar spylje, bygelyks. Der slûpt fansels wolris wat tuskentroch, mar dat foarnimmen allinne al is in garânsje dat it festival fan it iene jier goed ôfwykt fan dat fan it jier derfoar.
Mar ek op de lange termyn is der in moaie ûntjouwing te sjen. In jiermannich lyn tilde it op Aaipop noch op fan de 'rûchhouwer'-eftige bands, dy't it Frysk der mei de hammer wol ynhouwe woene. Sokken binne der no noch wol en dat heart ek sa, want sunder sokken is Aaipop ommers ek net wat it wêze moat. Mar sjoch no ris nei it stilistyske ferskaat.
Wy hearre 'happy hardcore' neist symfoanyske rock, blues neist Vikingmetal, willepunk neist De Kast, de Stones yn it Frysk, harksankjes en noch sa it ien en oar. Alles ferspraad oer trije poadia, dat wie twa minder as de djoere jubileumedysje fan ferline jier. Der kamen in goede 2000 man op ôf.
De kjeld liet him goed fiele op it terrein fan mienskipssintrum De Mande, dêr't it iepenloftpoadium al skrast wie. Mar yn de beide tinten wie it lykwols noch roetkâld, sa't de waarmte fan oare saken komme moast. Dêr wit it Aaipop-publyk wol wat op, al jierren: se litte de bierpompe hurd wurkje en sykje it yn inoars selskip. Sa bliuwt de oandacht foar de bands der wolris by. Mar ja, ek dat is Aaipop.
Yn de Hark- & Huverseal, de sportseal op de oare dagen fan it jier, wiene tribunes delsetten en der wie gjin bier te keap, om it publyk wat rêstich te hâlden by de yntimere klanken hjir. Wat net altiten slagge. „IS IT HJIR TE RÊDEN?”, gjalpe der immen, bier yn de earms, by it optreden fan Adri de Boer.
Yn de Teneftertinte gie ek net alles sa't it moast. Problemen mei it lûd soargen dat Bagger- punk yn it Ljouwerters - fiertstente let begûn. En doe wie it lûd noch „bagger”, se seine it sels. De bassdrumlûden by De Doelleazen klonken hjir as kamen se ûnder in stel bierkratten wei. Mar it waard wol dik feest yn de grôtfolle tinte, benammen doe't Emiel Stoffers fan De Hûnekop en Jeroen 'Baba' Wijnand fan BabaLive Band derby kamen.
Dy lêste makke yn de Kij Lûd-tinte ek yndruk mei like rûge as flotte ferskes, wylst Baba in 'performer' is dy't de boel wol loskriget. Dat soe ek foar it Fryske Stones-wurk fan The Hangouts jilde moatte, mar hoe goed as it ek klonk, it publyk stiet noch by De Doelleazen.
Artistike pretinsjes wiene der genôch by Koartslúting, dy’t harren symfoanyske rock opsierden mei it korps Concordia fan De Gaastmar. Baldrs Draumar spuide ek net yn de pretinsjes, mei ekstreme, Frysktalige metal oer de tiid fan kening Redbad (der sit in soan yn fan Willem Schoorstra, skriuwer fan in boek oer itselde underwerp).
Sipke de Boer en syn band hiene de tinte alhiel op syn kop mei in reedlik kommersjeel, mar tige effektyf optreden, mei in pear goed dosearre 'covers' derby om it feest kompleet te meitsjen. Sa koe De Kast de boel ôfmeitsje mei in folslein Frysktalige set, dy't de tinte aardich yn de besnijing hie. In moai ferskaat, in moai feest.

terug naar Aaipop

Deze pagina is bijgewerkt op