Leeuwarder Courant op het web

Frysk festival fan KPJ yn Sint Nyk

SINT NYK - De Katholike Plattelânsjongerein to Sint Nyk hâldt op sneon 21 desimber yn „De Blokhut" in Frysk festival ûnder de namme „KPJ-Inn". Fryske amateurgroepen, sjongers en dichters sille fan fjouwer ûre de middels ôf foar it fuotljocht komme.

Dielnimmers binne Tsjitske de Boer út Langwar mei Fryske lieten en Ierske ballades, it Blues- en Slachkwartet út Hidaerd (banjo's, pauken, slachwurk, klarinet en hobo), Doede Veeman út Eastermar mei Frysk kabaret, Domien de Winter út Snits mei country- and western-muzyk, Jan Ozinga ut Heech mei Fryske lieten, Tsjebbe Hettinga út Burchwerd mei eigen gedichten, de groep Jarje út Drachten mei Fryske blues- en merkelieten, Bennie Regeling út Balk mei Fryske lieten, the First Frisian Folks and Blues Band út Roardahuzum mei country and western-muzyk en as lêste de Blauhúster Dakkapel, dy't in oantal suksesnûmers bringe sil. Hwa't dêrnei noch sjonge of spylje wol - lt sil dan sa'n ien ûre de nachts wêze - kriget dan noch gelegenheit.



Deze pagina is bijgewerkt op