Leeuwarder Courant op het web

Tredde „Tsjoch” wer in bysûnder barren

Frysk folksmuzykfeest yn Warkum

WARKUM - It tredde „Tsjoch”-festival, dat sneon yn Warkurn hâlden waard, is benammen de jûns in grut sukses worden. Alle trije sealen, yn 'e Klameare, de boppeseal fan hotel „De Wijnberg” en de menniste tsjerke, wiene grôtfol. Mar ek de middeis koene de sjong- en muzykploegen op sa’n fyftich, sechtich man (en frou) publyk rekkenje.
It „Tsjoch”-festival wurdt organisearre troch de Foriening fan Fryske Folksmuzikanten mei de bedoeling it Fryske liet yn ‘e belangstelling te bringen. Elts jier wurdt in oar plak útkeazen: de earste kear wie dat Snits, de twadde kear Oentsjerk en no dus Warkum. Boppedat keppelt men it festival mei in oar evenemint ferline jier wie dat de „Floralia” op Stania State, dit jier de Strontrace. It festival foarme it hichtepunt nei it „Liereliet”-barren, dat de hiele foarige wike doarre, mei strjit- en folksmuzyk, folksdûnsjen, it fertellen fan folksferhalen, poppekast en in demonstraasje yn it meitsjen fan ienfâldige folksmuzykynstruminten.
Under de tweintich dielhimmende groepen en solisten wiene ditkear sân nije. Dat dy yn muzikaal talint der útkipen, kin men min sizze. Fakentiids wie it de húskeamersfear noch net ûntwoechsen. It is de bedoeling fan de feriening om ek begjinnelingen der daliks by te beheljen, sadat men fan inoar leare kin. En dat is op himsels in goed ding.
Mar it wiene wer de âlde bekenden, dy't foar it grutste muzikale geniet soarge. Roel Slofstra bygelyks mei syn „Mata Hari”, „Luzen”, „Yn 'e stille jûne” en „Goederbêst” - it wie spitich dat hy allinne de middeis spylje koe, want hy hie in groter publyk fertsjinne. Irolt hie in, protte sukses de jûns yn de Klameare en dat wie begryplik, want de lieten binne goed arrangearre, sjongeres Inez Timmer hat in prima foardracht en de tuba fan Jan Ottevanger soarget foar in aparte klankkleur.
Mar it langste waard hantsjeklapt foar Doede Veeman mei syn prachtige satiryske lieten lykas „Tsien soldaten”, “Hé moet je 'ns kijken, daar zitten Friezen in de zaal” en „Pake is by de Baghwan” („As ús beppe nou nochris libbe, die pake wol gewoan”) En ta beslút fansels de suksesnûmers „Hindrik Hasijysj fan Houtigehage” en de „Frustraasje Blues”. Ek wol wat kwaliteit wie te finen by Jarje dy’t de muzyk kombinearre mei poppespul troch Haye Bylsma. De folkgroepen Heelstone en Rattatouille wiene ek hiel noflik om nei te harkjen.
Mar it giet by „Tsjoch” yn it earste plak net om muzyk fan topkwaliteit, mar om de sfear der't alles yn bart, ien fan noflik byinoar wêzen. De ôfstân tusken muzikanten en publyk is folle lytser as by guon oare eveneminten. En dat rnakke ek dizze tredde „Tsjoch” wer ta in bysûnder barren.

SIKKE DOELE

terug naar Tsjoch

Deze pagina is bijgewerkt op