Leeuwarder Courant op het web

Wim Beckers Groep
op NCRV-televyzje

WYTMARSUM - Hjoed sil de Wim Beckers Groep syn tv-debút meitsje yn it NCRV-program ‘op zoek naar muziek in Leeuwarden’ (Nederlân 1, 18.20 - 18.35 oere). De opnamen dêrfoar binne op 12 desimber makke yn de kosterij fan de Grutte Tsjerke te Ljouwert. De groep, dy't him útleit op Fryske folksmuzyk, spilet ‘De spegel’ en ‘Grieve Ype’, twa nûmers fan har ynkoarten te ferskinen elpee ‘Fryslâns soan’, alhiel wijd oan Piter Jelles Troelstra.

terug naar Wim Beckers

Deze pagina is bijgewerkt op