Leeuwarder Courant op het web

Fryslān sjongt op aaifol Aaipop

NIJLAN - Sa'n seishūndert minsken kloften juster gear yn it Muzykkafee yn Nijlān, dér't him foar de tredde kear it Aaipop-festival ōfspile. Noch wol in pear hūndert leafhawwers koene der net mear by, mar dy hiene in kreas plakje foar it kafee, noflik yn 't sintsje. Hja waarden fermakke troch ūnder oaren Doede Bleeker, de Staverse misthoarn dy't net iens op it program stie. Stifting Earizer sil takom jier wol omsjen moatte nei in rommer plak.
Sa'n drukte is wol in teken dat der genōch belangstelling is foar de Frysktalige pop want oarstaligen komme by Aaipop net op 'e planken, op in pear Stedfryske sjongers nei. Lykas oare jierren wie de boppeseal of ‘harkesankjesseal' wer bedoeld foar de meer akoestysk spyljende groepen en solisten, wylst it meer rūge, elektryske wurk ornaris ūnder yn it 'rockhok' te belśsterjen wie. En wat te tinken fan de 'praattaappatattinte’?

Oan lt begjin fan Aaipop gong lt der oars noch wol om wei yn dy boppeseal, want dźr makke Dokkumer Nieuwe Zijlen har debśt. Tige lūdroftige klanken fan elektryske gitaar, synthesizer en elektroanyske drums, dźr't net altiten likefolle struktuer yn te hearren wie. De sang stie op 'e bān, mar it wie eins net goed śt te meitsjen oft dat no yn 't Frysk wie of net. It iennige wat yn de santjin minuten dat harren optreden duorre te ferstean foel, wie: 'Wobbe van Seijen' en 'Madonna'...

Dan wiene de akoestyske, folkeftige lūden fan sokken as de Wim Beckers Groep of de Ungānsers wat freonliker foar de earen. Itselde jilde foar de likegoed yn 'e folk woartele āld rót Doede Veeman, dy't it earst mei in akkordeon besocht, mar doe't bliken die dat de lūdsynstallaasje dat net ha koe, it kerwei ōfmakke mei syn gitaar. Ek Piter Wilkens spile allinnich, mar hy hie in elektryske gitaar meinommen. Sadwaande klonk syn muzyk wat feller en hie it in soad fan ienpersoansrock 'n' roll.

't Kratsje binne trije jonges op banjo, gitaar en akoestyske gitaar en akoestyske basgitaar, dy't yn it Stedfrysk ūnderwerpen besjonge as triljende frouljusbillen, hūnestront, poatleadferkeapers en eangst foar de toskedokter. Jarje song nettsjinsteande de namme oer meer fatsoenlike saken, mar hanen blueseftige muzyk wie spitigernōch de sleauwe kant it neist, lykas harren presintaasje. De Gin House Bluesband - de namme seit it al - sit wat de muzyk oanbelanget yn deselde hoeke, mar kaam in stik fūler foar de dei.

Mar it fūlst wiene dochs wol de Swamprats, in trio dat hjir foar it earst de memmetaal brūkte - yn muzikale sin dan fansels. De rūge, punkeftige rockabilly waard mei faasje de seal ynsjitten, wźrby 't de grimmitige eachopslach fan bassist Klaas Land de saak fisueel ūnderstreke. Gjin wūnder dat it der foar ge 'e seal need om wei gie, mei de springende en dūnsjende leafhawwers. By de Trije Gurbes tjirgen dy harren al like māl, mar de Gurbes docht wat minder mei harren fan Frysk sjauvinisme oerrinnende teksten op rammeljende rockabilly. Sels hiene se it oer fersterkers dy't net doogden, mar ik hāld it derop dat se Loltsje misse.

Wiegels Wjukkelmasine spile in grienmank fan oersette 'covers' mei in absurdistyske presintaasje, en by it Jongereinkoar De Pallet die bliken dat dat neat oars wie as in play-back-act. En sels dan kin der noch wat misgean: it bantsje dat der by hearde wie ynearsten nearne te finen. Hoe dan ek: Aaipop 1989 wie fannijs in bjusterbaarlik barren, dat it plak fan it Frysk as fiertaal yn'e pop rjochtfeardiget. En dan te betinken dat groepen dy't el wat fierder binne, lykas Reboelje, de Stalin Orgels en Strawelte, der juster net iens by wieme.

JACOB HAAGSMA

Plak: Muzykkafee, Nijlān. Barren: Aaipop. Organisaasje: Stifting Earizer. Belangstelling: 600 persoanen (aaifol).
terug naar Aaipop

Deze pagina is bijgewerkt op