Gans Anders

Se kamen yn Fryslân te wenjen
hiene beide in bril op 'e noas
mar hy wie dan ek brilleferkeaper
yn de saak fan Hans Anders, wa oars
yn in arbeidershûs op 'e romte
tusken beammen en sleatten fol kroas
dêr hâlden se in guoske as hiemhûn
en dy hiet fan Gans Anders, wat oars!

Hy gie lange dagen te wurkjen
by har thús wie it mar iensum en stil
foar de feroaring beseach sy har libben
hieltyd faker troch buorman syn bril
en doe't hy op in dei let fan 't wurk kaam
doe waard er sa ôfgryslik boas
want op it nachtkastke dêr lei in bril
mar dy wie net fan Hans Anders, dy wie oars!

It arbeidershûs stiet te keap no
de bewenners binn' al withoe fier
en it ûnskuldich guoske Gans Anders
is ek stil wurden, by de poelier
elk mins draacht in byld fan syn libben
mei him mei as in bril op 'e noas
mar pas op! as dy bril in frjemd merk hat
wurd it libben gans anders, gâns oars!

wurden en wize: Doede Veeman

Van de cd: Der túskenut

Deze tekst in het Zeeuws vertaald door Jan Zwemer

terug naar Doede Veeman

Deze pagina is bijgewerkt op