De Moanne op internet

Peter Sijbenga:
‘It is yn Frysln al gau goed.’

Peter Sijbenga (1964) is multi-ynstrumintalist en komponist. Spile troch de jierren hinne yn bands as It Dockumer Lokaeltsje, Deinum en Sex Ettek, dr’t hast in nije cd fan utkomt. Skriuwt al tsien jier teatermuzyk foar Tryater (Kening Lear, Pak 'm Stanzi, Hamlet, de nijste beukerfoarstelling It hske dat ferhuze). Wurke koartlyn mei oan de produksje Ajax fan it Noord Nederlands Toneel. Is fste begelieder fan Rients Gratama: ‘Dy rol yn “Dankert & Dankert”, dat hie er noait dwaan moatten.’ Peter Sijbenga makket him druk oer de kwaliteit fan de keunst yn Frysln, de muzyk, de tillevyzje. 'lt is hjir al gau goed. Wat mear underskiedingsfermogen soe it kulturele klimaat absolt brke kinne.'

We prate f by him ths, yn Reduzum. Hy wennet oan de rne fan it doarp, hat syn studio njonken it hs, kin dei en nacht muzyk meitsje snder dat ien der `lst' fan hat. In moai plakje. Peter Sijbenga fertelt oer it opknappen fan dit lde hs, jit tee yn. De sinne skynt nei binnen. Ik freegje oft it belangryk foar him is, en syn wurk, om yn Frysln te wzen.
'It is goed om dyn roots hjir te hawwen, mar se kinne dy ek beheine. It gefaar bestiet datst op sa'n postsegel sitten bliuwst. Moatst der faak tbrekke, ik doch dat eins te min.
Der bart folle mear yn de rest fan Nederln. It is de macht fan it getal. Dat betsjut dus mear krityk, net positiver of negativer, mar alsidiger. De persepsje is riker. Hast hjir fansels ek wol musisy, kritisy, mar de kontekst is lytser. “It is hjir al gau goed”, dy sfear tekenet it keunstklimaat, fyn ik. Yn Frysln bist gau ien. Wy binne in minderheidskultuer, dy’t soms as in slachskaad wurket. Tjitte Piebenga hat ris sein: "De Fryske kultuer liket wol in plestik pde, opblaasd en fan boppen tichtknope.” Ticht byinoar, mar wy kinne der net t. Us ferantwurdlikens as "makkers" fan keunst is dat wy s krekt nt beheine litte.’

______________

- myn ferlet fan eigenheid komt fuort
t de punk -
______________

Yn 1985 begn op it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert de band It Dockumer Lokaeltsje. Oprjochte troch Peter Sijbenga, mei Sytze van Essen en Fritz de Jong. ‘Wy neamden it "Frisobilly". Songen absurde teksten, yn it Frysk, wy hiene skses en koene ek yn it westen optrede. Punk is anargistysk, it wie lang net altyd goed wat wy diere, mar it wie s muzyk! Sytze stie dr de gekste dingen te dwaan op syn gitaar, oft it no moai wie of net, it wie syn gitaar en dit wie syn muzyk. Alles koe. En dy hlding komt foar my ut 'e punktiid wei. Punk wie foar my de frijheid fan de persoanlike ntjouwing. Doe't ik trettjin, fjirtjin jier wie en ik de Stranglers hearde, tocht ik: dit is it.’

As bern al hie Peter gefoel foar muzyk. ‘Yn de boks blaasde ik ritmysk de lietsjes mei fan de radio. Myn tante sei: “Dy jonge is muzikaal!” Ik bin de jongste fan fjouwer bern, us heit wurke by de CCF en s mem wie yn 'e hs. Yn Ingeln soest sizze in middleclass hshlding. Op myn achtste krigen wy in piano thus. Ik gong daliks op les. Koe al gau meispylje mei de radio. Doe’t ik in jier as trettjin wie belle s mem mei Akke Smit, dy’t ritmyske gimmestyk joech by Quick. Se sei: “Ast noch in pianist nedich hast, dat soe wol wat foar s Peter wze.” Akke sei: “Hoe oud is hij? Dertien? Nou dat moet nog maar niet." Mar ik gong der al hinne.

Fertelde oan Akke dat ik allinnich even kaam te sjen. Se sei “Nou Peter, dat vind ik flink van je.” Ik hie gelok dat de pianist siik wie, dat doe sei Akke dat ik wol even ynfalle koe. En dat gong sa bst dat ik bliuwe koe.’

_____________

- ik wol in stimpel sette -
______________

Mijn sterke punt is dat ik fluch lear en in heech wurktempo haw. By dy ritmyske gimmestyk wie dat al handich, moatst antisipearje en ymprovisearje kinne. En ik haw ‘foarmbesef’. As wy in tfiering hiene en der moasten oefeningen komme op muzyk, dan die ik dat tegearre mei Akke Smit. Dt stikje muzyk, en dan dr wat fan, en sa wist ik al gau hoe't it ta in bepaalde foarm komme moast. Eins is it komponearjen dr al begun. Wat ik ek mei haw, is dat ik my altyd senang fiel op in poadium. Ik meitsje maklik kontakt mei it publyk, sjoch wat der om my hinne bart en spylje tagelyk.
Ik haw in brede ntwikkeling trochmakke, kin ferskillende ynstruminten bespylie. Ik kin my tsjinstber opstelle, as begelieder, ha 'k leard by dy ritmyske gimmestyk. It gefoel foar teater ha 'k krigen by it skoallekabaret. Letter by Rients Gratama, as begelieder, oanjouwer. As komponist, by Tryater, iepenloftspullen, alle mooglike dingen dien. Myn ferlet fan eigenheid en persoanlikheid komt fuort ut de punkmentaliteit.’

Peter Sijbenga neamt wat bands: ‘Gang of Four, Killing Joke, en fral de Cardiacs. As de Cardiacs optrede yn Londen dan moat ik derhinne.’ Ik ken se net, dat hy giet oerein, siket in CD t de kast en set him op. De keamer wordt folle mei knoerhurde muzyk, in soarte fan supersnelle symfoanyske rock. Heech tempo, strak ritme, yngewikkelde loopkes. Peter spilet de foar my nneifolchbere muzyk sabeare mei. Giet der hielendal yn op. En dan, mei deselde eksplosive krft as it nmer begn, is it ek wer frn. ‘Neist dit soarte fan supermuzikale bands hat punk in protte geniale dilettanten oplevere. En fierder muzikale einzelgangers, soms by it autistyske om 't f. Allegear produkt fan itselde stribjen nei ‘Doch wat, mar doch it oars as in oar.’ Dat punk-kredo leit oan 'e basis fan myn skriuw-enerzjy.”
‘It bliuwt in stribjen om eigen en persoanlik te skriuwen. Net tinke: ik meitsje it foar dy of dy, soe dy regisseur it wol moai fine, sa fan: “Hoe had u het gehad willen hebben....” Nee, it is hielendal myn stik. It bste wat ik betinke kin, sa wordt it. Dat ik der letter ek noch grutsk op bin. It hat my nochal wat tiid koste om dy 100% autonome skriuwwize yn it teater ynsette te doaren. Ik ha wolris wat skreaun dr’t ik achterf net tefreden oer wie, omdat ik te folle tocht oan wat it publyk moai fine soe. Dat wie Hamlet fan Tryater, dr wie ‘k fierstente beskieden. Sa bin ik net mear. Ik wol in stimpel sette.
Ik wie mei Sytze Pruiksma dwaande foar it iepenloftspul Jorwert, In feint fan twa masters. Sytze sei doe tsjin my: “Dyn band, Sex Ettek, kinne wy soks net ris dwaan.” (Sex Ettek makker eksperimintele elektroanyske klankbylden, KB) Wy hawwe it dien. Ik moast even in triuwke ha blykber. It wie sawol foar Sytze as foar my in geweldige nderfining dy stap te meitsjen. En sa wol ik troch. Hieltyd autonomer.
lt berne-iepenloftspul is wat oars, dr moat ik wol tsjinstber wze oan it stik, de dielnimmers, it publyk. En ik fyn, der moat ek in edukative ynhld wze, net allinnich in tal lieten dat leuk klinkt. Fral nt op 'e hurken sitten gean mei bernige ferskes, lykas by dy freeslike programma's fan Studio 100, kabouter Plop en sa. Dr sit hielendal gjin tdaging yn foar bern. Nee, Annie M,G. Schmidt, Willem Wilmink, dt is goed.’

Sytze Pruiksma is in geweldige n krityske kollega, lykas Cees Bylstra dat wie. Ik mis syn kwaliteit, syn wurk, syn oanwzigens yn it discours. Drom is it sa spitich dat Cees dea is, want fan sokken moatst earder mear as minder ha yn Frysln. Underlinge krityk is hjir dreech, wy kinne mekoar allegear, doare amper negatyf te wzen. En as wy dat wol dogge leveret it nea in strukturele diskusje op. In debat op nivo oer keunst, of muzyk, dat slagget hjir amper. Ek fanwegen it te lytse rntsje. De plestik pde dy't ticht sit. It docht bliken dat it Fryske kulturele klimaat derfan profitearret as maten de pde iepensette. Jos Thie is ien fan de belangrykste minsken. Bliuwt gewoan yn Wergea wenjen, wurket yn it westen, nimt ideen mei, siket der in ynfrastruktuer by en giet oan it wurk. Corina van Eijk har gjin jild om in Opera Verona te meitsjen, makker in Opera Spangea, mei deselde leafde, ynset en kwaliteit. Jan Jaap van der Wal is yn Ljouwert berne, mar wol fierder, har in obsesje, giet Frysln t om him te ntwikkeljen. Goed zo Jaap! Simone Lamsma t Burgum, dy fioliste, ynternasjonaal sksesfol. De wrld stiet foar s iepen. Brek dert!
Ja, en wat doch iksels. Ik sit hjir. Ik haw it nei it sin by Tryater, mei Rients. Haw krekt `Ajax' dien mei it Noord Nederlands Toneel. Ik jou ta, myn ambysje om fuort te gean stiet op in leger pitsje as foar de ntwikkeling fan myn talinten goed wze soe. Ik fiel de flammende needsaak net om de stap te setten. Miskien is it wol ordinre benaudens.

______________

- ‘foar Fryske begripen is it bst leuk’. Soadermiterje op! -
______________

Plestik pde of net, Peter Sijbenga is wol fan betinken dat er diel tmakket fan de Fryske kultuer. ‘Fansels hear ik derby, fiel my der ek ths. En as makker wol ik sa no en dan de ferantwurdlikheid nimme en stel dy kultuer ta diskusje. Wr is it discours? It tilt hjir net op fan de Jan Blokkers en Gerrit Komrijs en dat hoecht ek net. Mar ien of twa soe wol aardich wze.
Ik haw in kear in ynstjoerd stik skreaun oer ‘Baas Boppe Baas’, dat fn ik sa ferskriklik. In Fryske soap, prima. Bearnt Baas soe de Fryske Archie Bunker wurde. Mar ynvestearje dan asjeblyft wol yn goeie skriptskriuwers. It wiene ommers ferhaaltsjes fan niks, sa bryk. Steven de Jong har de kns hn om der wat moais fan te meitsjen en docht dat dan net. Wr't dat fan komt? Net mei leafde makke, tink ik dan. Ik sit dernei te sjen, der ntbrekt wat yn de kearn, syn leafde luk ik yn twivel.
Dy Kameleon, elkenien hat de boeken lzen, sa'n film komme hnderttzenen minsken op f. By Hotze de Roos hiest fansels de romantyk fan it platteln, dat wie op boartlike wize beskreaun. Mar wat Steven de Jong derfan makke hat, is "ronduit bedenkelijk". Dy tsjinstelling platteln-sted, dy karakteristiken binne by him feninich, diskriminearjend sels. Gjin humor, gjin irony, leadswier yn syn dommichheid.’
Soe Peter mei Steven de jong gearwurkje wolle?
'No nee. Hy hat enerzjy, mar it soe wat mear yn kombinaasje moatse mei goeie smaak en mear ynhld. Oan ‘Dankert & Dankert’ ergerje ik my ek dea. Ik hear dan: “Foar Fryske begripen is it bst leuk”. Soademiterje op. Wolst dochs net dat der op begjinnersnivo tillevyzje makke wordt? Dat is nderskatting fan jo publyk. It is moai as der in protte minsken nei sjogge, mar bied harren dan ek kwaliteit. Ek al ha je net safolle jild as de makkers fan ‘All in the family’ of ‘the Soprano’s’, fiel dochs de leafde foar dat soarte fan programma's en gean drmei yn Frysln oan it wurk.’
En Rients Gratama dan, dy't de rol fan de heit spilet yn ‘Dankert & Dankert’? ‘Ik ha Rients ferteld dat ik it “volslagen kut” fon dat er dat die. Wy ha al jierren in geweldige wurkfreonskip, hawwe it oer fan alles, persoanlik en algemien. Fynst mekoar yn walst wol en net goed fynst. Yn dat ljocht wiene wy it der altyd oer iens datst gjin listlker fan de LPF wurde moast en better net mei Steven de Jong gearwurkje wolle moast. Dat Rients dat lste no wol dien har fyn ik behoarlik ngemaklik. Mar wy ha deroer praat. Rients begriep myn ferbjustering, ik begryp dat hy graach mei Peter Tuinman spylje woe. En Rients har my beloofd gjin listlker fan de LPF te worden.

terug naar Peter Sijbenga

Deze pagina is bijgewerkt op