Leeuwarder Courant op het web

Tintsje bouwe

‘Fan in tut in tintsje bouwe’ is de titel fan in middei oer gedichten en lieten oer de leafde. „De leafde: sy bringt ús hert op ien ein en driuwt de fuotten hieltyd nei itselde plak. Sy is ús lokrop, toverspreuk en deadwaner. Us hichte en ús djipte. Us falkûle. Lok en lot, omearming en gefjocht. Sy sjongt ús op 'e tonge en fljocht ús nei de kiel. Sy ferrifelt en fertwivelt ús, lit ús stroffelje, mar tilt ús altyd wer op. Ald en fersliten as de wrâld, nij en sprankeljend as it lemieren.” Ferskate Fryske dichters hawwe troch de jierren hinne gedichten makke oer de leafde: Douwe Tamminga, Rixt, Margriet Poortstra, Abe de Vries, Tiny Mulder, Tsjits Peanstra en oaren. Eppie Dam en Hindrik van der Meer hawwe in oantal fan dy gedichten bewurke en op muzyk set. Gedichten en muzyk sille elkoar ôfwikselje op dizze middei. De muzyk wurdt fersoarge troch it Kwartettekoar ûnder lieding fan Hindrik van der Meer.

Sint Jacobiparochie- Groate kerk: gedichten en lieten, snein,15 oere

terug naar Kwartettekoar

Deze pagina is bijgewerkt op