Leeuwarder Courant op het web

Skerp liet oer Fryslân wint Liet '96

LJOUWERT - It Frysk is sa’n moaie, golle taal om sjongteksten yn te skriuwen, sei Leo Dijkstra yn it foarum dat oan Liet ‘96 foarôfgie. En dat die dan ek bliken, yn alle gefallen by de winner fan justerjûn: ‘Te deun’, troch Some Like It Not. In sterk songen en spile, wat bitter liet, dêr’t skriuwer Hylke Tromp mei skerpe pinne yn ôfrekkenet mei de steile, stive kanten fan ús moaie Fryslân. Echt sa’n liet dat je pas mei oertsjûging bringe kinne as je je heil bûten de provinsjegrinzen socht ha en sa is it dan ek: Some Like It Not residearret yn Grins.

Niisneamd foarum wie part fan de nije opset fan Liet. Dat wol sizze: mear omballingen (optredens fan Douwe Heeringa, Leny Dijkstra, Ernst Langhout, Piter Wilkens, Doede Veeman, Skift, de Grinslanners Törf en Alex Vissering en Plat-Dútser Helmut Debus) en minder finalisten. De sechtich ynstjoeringen wiene werombrocht oant tsien lieten, en dochs siet der in tal swakke bruorren by.

'De floed' van Oare Koeke wie gjin min liet, mar de útfiering, dêr’t it close harmony- en barbershopkoar Sweet Cookies by belutsen wie, die tinken oan de meast foar de hân lizzende gospelrock. Dat wiene ek de woartels fan it trio Griis, dat mei lûdsbân, in playbackende gitarist en al nóch net oertsjûgje koe. De begelieders fan Fokke G. Miedema kamen ek al út de gospel, wat dochs wol befrjemding wekt mei in rigel as „Minske ferjage en brutsen troch it krús".

Dat ‘Fûgels fan de frijheid’ wie oars ien fan de rugere lieten, in echte rocker mei in felle anti-oarlochstekst. Fierder wie der wer in protte relaasjeleed, ek al run it yn ‘Lykas dy’ dochs goed ôf. Mar hoe moai en swiet as Johan Veldhuis (ek efter de fleugel) en Gabritta de Vries ek songen oer harren leafde, ik waard hielendal wee fan de presintaasje: hy yn smoking, sy yn galajurk mei iepen rêch, oan’e ein opinoar tarinne, in tút en dan hân yn hân it poadium ôf. Nee, dan leaver Zwaanette Dijkstra en Theo Douma (de dokter, net de horekaman): hjir ek de man efter de fleugel en de frou oan de mikrofoan, mar ‘Allinnich’ is in folle mear trochlibbe tekst en dy krige de utfiering dy’t it fertsjinne.

De publykspriis wie foar Nynke Laverman, dy‘t yn ‘Kom werom' de net akseptearre ein fan in leafde besong. By dizze sechtjinjierrige wie teminsten in protte oandacht skonken oan it arranzjemint: de begeliedingsgroep telde ûnder oaren twa keyboardspilers, twa eftergrûnsjongeressen en in saksofoanist. Wêrmei't Laverman oantoande dat it der by in liet, en by Liet, net allinne om giet hoe’t de tekst útfalt en wêr’t de noaten delkomme, mar ek hoe’t de boel útfierd wurdt.

Net allinne Griis hie in bandrecorder oanstean, ek de tagelyk optredende Douwe Heeringa (foar in folie seal) en Leny Dijkstra (foar in legenien) lieten harren troch in lûdsbân begeliede. Gjin gehoar en gjin gesicht. Dit moast mar gjin moade wurde.

JACOB HAAGSMA

Plak: De Harmonie, Ljouwert. Barren: Liet '96. Jury: Pieter de Groot, Claudia de Vries en Meindert Bosklopper. Belangstelling: 450 persoanen (útferkocht).
terug naar Liet Festival

Deze pagina is bijgewerkt op