Leeuwarder Courant op het web

Benefyfkonsert foar „Jongerein"

Frysk popfestival moarn yn Wurdum

Wa't wat bybliuwe wol op it Fryske popfront, mei it festival dat moarntejûn yn Wurdum hâlden warde sil, net oerslaan. Sân Frysktalige muzykgroepen ouwe dêr nammentlik yn „Golle" acte de présence op in benefyt-jûn foar de Jongerein, de organisaasje, dy't troch ferlies fan subsydzje sa yn 'e jildpine sit. De bands steane by dizze gelegenheid harren gage ôf oan de Jongerein.
De dielnimmende groepen en artysten binnen Jarje, Skuor, Okke Hel, Kramtrie, Sytse van der Werf, Doede Veeman en de Knillis Jitske Band. Mei oare worden: de styl en de sfear fan de muzyk rint nochal útinoar, der is dus foar eltsenien wat.
Jarje is in akûstysk apyljende groep, mei in myld, humoristysk, poëtysk en ironysk repertoire. Skuor en Okke Hel binne ús beide Fryske nije weach - oftewol new wave-bands, flugge muzyk mei direkte teksten sûnder franje. Kramtrie is de jongste fan de dielnimmende groepen en de bindleden komme út Drachten en Damwáld. Sy wurkje mei teksten fan lt Drachtster Stikel-kollektyf en hâlde yn Wurdum harren première.
De Knillis Jitske Band bestiet út njoggen persoanen en de groep is neamd nei de sjongeres, dy t neffens de organisatoaren mei har stevige, rûge nûmers de seal plat krije kin: „mar ek in romantyske balled sjongt hja sa dat de grimeltsjes jin oer de keale rêch rûgelje." Yn de band sitte fierders noch Douwe van der Werf (ex-Okke Hel) op elektryske piano en Hans Wijnbergen (ex-Fuc) op tenorsax.
Nêst dizze bands komme der ek twa troubadours: Sytse van der Werf en Doede Veeman, dy't elk in seleksje bringe fan harren meast humoristyske, satiryske, dichterlike, skerpe en mylde teksten. Radio Fryslân makket mooglik opnamen fan it benefyt-konsert oer plaatopnames wordt noch ûnderhannele. Tusken de bedriuwen troch spilet it Snitser allround-orkest Pragma „gouwe ouwe" en top-fyftichmuzyk.


Deze pagina is bijgewerkt op zondag 20 november 2011 om 20:02 uur